Start

 

Presentatie kaart van Friesland met literaire citaten

Zondag 10 november komt het project Leesbaar Friesland tot een hoogtepunt met de presentatie van een plattegrond van de provincie Fryslân met daarop meer dan 500 literaire citaten.

​Bijna twee jaar lang heeft een team van Tresoar, de stichting Leesbaar Laagland en De Culturele Onderneming gewerkt aan deze unieke, kleurrijke literair-geografische kaart van de provincie Fryslân en de stad Leeuwarden met citaten uit romans, verhalen, gedichten en liederen.

Op de kaart zijn de dorpen, straten, wegen, spoorlijnen, rivieren en havens niet vormgegeven met lijnen en kleurvlakken, maar met literaire citaten. Denk bijvoorbeeld aan een citaat van Simon Vestdijk in Vestdijk in Harlingen, Obe Postma in Leeuwarden en Gerard Reve in Greonterp. Onder andere de provincie Groningen en Amsterdam gingen Friesland al voor met hun eigen literaire kaart.

De presentatie wordt opgeluisterd door Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, die speciaal voor deze gelegenheid een gedicht schreef. Hij ontvangt ook het eerste exemplaar van de kaart. Literatuurwetenschapper en Leesbaar-redacteur Louis Stiller gaat met hem in gesprek over zijn werk en ervaringen als Dichter des Vaderlands.

Troubadour Jaap Louwes zorgt voor de muzikale omlijsting met liederen, waarvan er in ieder geval eentje op de kaart terecht is gekomen.

Tot slot wordt de hilarische Leesbaar Friesland-quiz gespeeld. Wie weet het meest van literair Friesland? De winnaar ontvangt de luxe A0-poster van Leesbaar Friesland. De kaart is daarna in verschillende formaten te koop. Uiteraard willen de samenstellers en de aanwezige schrijvers op verzoek de kaart signeren.

Publiek en pers is van harte welkom. Wel graag aanmelden bij Lysbert.Bonnema@tresoar.nl.

Datum: Zondag 10 november vanaf 14:30 uur.
Plaats: Tresoar, Boterhoek 1, Leeuwarden

Programma

14:30              Inloop
15:00              Start programma 
16:00              Einde programma 
16:00–16:30   Borrel en kaartverkoop

 

Presintaasje kaart fan Fryslân mei literêre sitaten

Snein 10 novimber komt it projekt Lêsber Fryslân ta in hichtepunt mei de presintaasje fan in plattegrûn fan de provinsje Fryslân mei dêrop mear as 500 literêre sitaten.

Hast twa jier lang hat in team fan Tresoar, de stichting Leesbaar Laagland en De Culturele Onderneming wurke oan dizze unike, kleurrike literêr-geografyske kaart fan de provinsje Fryslân en de stêd Ljouwert mei sitaten út romans, ferhalen, gedichten en ferskes.

Op de kaart binne de doarpen, strjitten, diken, spoarlinen, rivieren en havens net foarmjûn mei linen en kleurflakken, mar mei literêre sitaten. Tink bygelyks oan in sitaat fan Simon Vestdijk yn Harns, Obe Postma yn Ljouwert en Gerard Reve in Greonterp. Under oare Grinslân en Amsterdam giene Fryslân al foar mei harren eigen kaart.

De presintaasje wurdt opfleure troch Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, dy't spesjaal foar dizze gelegenheid in gedicht skreau. Hy ûntfangt ek it earste eksimplaar fan de kaart. Literatuerwittenskipper en Lêsber-redakteur Louis Stiller giet mei him yn petear oer syn wurk en ûnderfiningen as Dichter des Vaderlands.

Trûbadoer Jaap Louwes spilet tuskentroch lieten, dêr't yn alle gefallen ien fan op de kaart kommen is.

Ta beslút is der de hilaryske Lêsber Fryslân-kwis. Wa wit it measte fan literêr Fryslân? De winner krijt in lúkse A0-poster fan Lêsber Fryslân. De kaart is dêrnei yn ferskillende formaten te keap. Fansels wolle de gearstallers en skriuwers dy't oanwêzich binne op fersyk de kaart sinjearje.

Publyk en parse is fan herte wolkom. Wol graach oanmelde (foar 3 novimber) by Lysbert.Bonnema@tresoar.nl.

Datum: Snein 10 novimber fan 14:30 oere ôf.
Plak: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert

Programma

14:30              Ynrin
15:00              Start programma 
16:00              Ein programma 
16:00–16:30   Borrel en kaartferkeap